Poëzijfideo ‘Asman’ Dichter fan Fryslân yn premjêre

22/02/2021

Snein 28 febrewaris giet der wer in poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht ‘Asman’ en is ta stân kommen yn gearwurking mei Omrin.

De fideo is te sjen om 17:50 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle. De fideo is in dei letter ek te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, fia Leeuwarden City of Literature, LF2028, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant.

Gedicht Dichter fan Fryslân op foarside Leeuwarder Courant

13/02/2023

Skriuwers en dichters stean massaal achter de bedrige skriuwer Pim Lammers. De Leeuwarder Courant frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht te skriuwern foar it frije wurd. Sneon 11 febrewaris stie har gedich ‘Frije murd’ op de foarside fan de Leeuwarder Courant.

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

01/02/2023

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.