Op 28 jannewaris, nasjonale gedichtedei, hawwe Merk Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature yn Ljouwert it mienskiplik projekt ‘Wjerspegelje’ lansearre. Yn Post-Plaza waard it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries ûntbleate, dat dêr diel fan útmakket. ‘Wjerspegelje’ brûkt it ferplichte 20-sekonden-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.
Foar it projekt die Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân, ynspiraasje op yn Swol: “Ik haw dêr it projekt ‘Weerspiegelen’ sjoen, wêrby’t op spegels yn hoarekagelegenheden gedichten oanbrocht binne. Je keppelje sa stipe oan de gastfrijheidssektor oan kultueroanbod foar besikers. It like my moai om dêr twa aspekten oan ta te foegjen: it bieden fan in nij poadium oan Fryske dichters én it sichtberder meitsjen fan de Fryske taal.” Merk Fryslân socht de gearwurking op mei Ljouwert City of Literature. Ernst Bruinsma, saaklik lieder: “Wy freegje dichters oft se – as betelle opdracht – ien of twa fersen skriuwe wolle, spesjaal foar dit projekt. Dat leveret entûsjaste reaksjes en moaie gedichten op. De earste fjirtjin binne no te sjen. De kommende moannen wurdt dat útboud oant yn totaal fyftich gedichten.” Fan alle Fryske fersen wurdt in Nederlânske oersetting makke. Wa’t de QR-koade njonken in gedicht scant, komt by dy Nederlânske oersetting telâne.
“Waarm hert”
De provinsje Fryslân is al sûnt de ideefaze belutsen en draacht finansjeel by. Deputearre Sietske Poepjes: “Dit binne barre tiden. De hannen waskje is altyd in goed idee en at jo dan ûnderwilens ek noch in Frysk gedicht lêze kinne, dan ha jo in waarm hert en skjinne hannen!” Yn oerlis mei de provinsje is besletten om krekt yn dizze tiid de dielnimmende bedriuwen net om in bydrage te freegjen. De totale kosten wurde fia in subsydzje fan de provinsje en de budzjetten fan Merk Fryslân finansiere. In grut part fan it budzjet giet nei de dichters en oersetters.
Utwreiding rest provinsje
De earste gedichten binne fan no ôf te sjen foar gasten fan acht oernachtingslokaasjes yn Ljouwert. Njonken Hotel & Grand-Café Post-Plaza giet it om Hotel ’t Anker, Oranje Hotel, Notiz Hotel, WestCord WTC Hotel Ljouwert, Hotel Campanile, Boutique Hotel Catshuis en Ster Boutique B&B. It projekt wurdt de kommende tiid útwreide nei oare (hoareka)lokaasjes yn de rest fan de provinsje.
‘Wjerspegelje’ past goed by Merk Fryslân, om’t it fan grut belang is om besikers oan ‘e gastfrijheidssektor yn Fryslân yn ’e kunde komme te litten mei de Fryske taal. It slút ek presys oan by de doelstelling fan Ljouwert UNESCO City of Literature om literatuer sa sichtber en tagonklik mooglik te meitsjen.