Nij gedicht Dichter fan Fryslân

27/01/2023

‘Alde freonen’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, skreau diskear in gedicht oer ‘freonskip’. It tema fan de Nationale Poëzieweek fan 26 jannewaris o/m 1 febrewaris.

Poëzieweek 2023 fiert de freonskip yn al syn fasetten: de freonskip mei de buorlju, penfreonen fier fuort, in freonskip fan lang lyn of fan ferline wike op in terras yn ‘e sinne. De freonskip tysken âld en jong en mei alle kleuren fan ‘e reinbôge. Poëzij makket belangrike mominten taastber en deistige mominten kostber.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.

‘Do, ik’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

18/03/2026

‘Do, ik’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.