Fluitsjend troch Fryslân mei it Cohda Kwartet en de Dichter fan Fryslân

09/08/2021

Yn it wykein fan 28 en 29 augustus bringe de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries en de fjouwer blokfluitisten fan it Cohda Kwartet mei in bysûnder programma fan muzyk en poëzij in besite oan de alve Fryske stêden.

It earste konsert fynt plak op sneontemoarn yn teater De Bres yn Ljouwert. Fia bysûndere lokaasjes lykas it museum Houtstad-IJlst en it ekspedysjeskip fan Willem Barentz yn Harns einiget it selsskip harren tour sneintejûn yn Dokkum.

Reservearje fia: https://www.klassiekemuziek.nl/p/15166/cohda-kwartet-en-nyk-de-vries-fluitend-door-friesland

 

Konsertrûte

  • Leeuwarden (zaterdag 28 augustus 10:00 oere)
  • Sneek (zaterdag 28 augustus 12:15 oere)
  • IJlst (zaterdag 28 augustus 14:00 oere)
  • Sloten (zaterdag 28 augustus 16:00 oere)
  • Stavoren (zaterdag 28 augustus 18:00 oere)
  • Hindelopen (zaterdag 28 augustus 20:00 oere)
  • Workum (zondag 29 augustus 10:00 oere)
  • Bolsward (zondag 29 augustus 11:45 oere)
  • Harlingen (zondag 29 augustus 13:45 oere)
  • Franeker (zondag 29 augustus 15:45 oere)
  • Dokkum (zondag 29 augustus 20:00 oere)

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

‘Net op ús’, nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/10/2025

‘Net op ús’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.