Sigrid Kingma 12/11/2021

Trui

Hoe komt in út de klaai woeksen folk
foarút oars as baggerjend
mienskip smakket smoarger mar
wy wienen net immer einzelgängers
tsjûge de twaris ferhuze ferieningstrui
achter yn de kast.

In âlde wyn blaast:
‘Sels de broek ophâlde
nimmen dy’t de riem straklûkt
striemen fan bemuoisucht waskest der
net ôf en oanmetten swimbantsjes
leare dy gjin skoalslach.’
It is de wrâldferskjinjende selsstandige
dy’t ús nachts út ’e sliep hâldt.

Yn in trui fan in deade klup
soenen wy sa de krisis út stappe wolle.
Hjir bin ik wer!
Dat de fertroude waarmte noch past
skeelt goed in graad oan gas.

Mar wy wolle wat nijs
in frisse wyn en ferwaarme terras
de trui komt werom yn de kast.