Klútsjes

Minsken moatte knoeid
ear’t se knetsje ta in daai.

Minge wy net maklik
riere net fûl genôch
wolle net frij fan skerpte
pitleas ta in brij wurde?

Fêste foarmen ferkromje
de koekjesnijers hingje yn de krystbeam.

 nee

Ferwurd net ta in flutminske
sêd oan misbaksels op in wetterkâld famyljewykein.

 en dochs

Wat hearlik om de garde ôf te slikjen
hoe glêd besleek sûnder klútsjes.