Eeltsje Hettinga 07/12/2018

Net te beteljen

By de útrikking fan de Fryske Anjer
oanbean oan de frijwilligers fan LF2018

 

Mear as inkeldwei it pear hannen dat
mei soarch oaren yn ’e mantel helpt,
binne hja út soarte de smaroalje
dy’t it rêd fan de stêd geande hâlde.

Net te beteljen litte hja as reuzen
sûnder baatsucht, sis, rojaal de lúks,
mûnen draaie, ek al drave harren
bazen bytiden fuort mei de pekunia.

Achter de skermen rinne de wegen
fan harren ryk, mei wurk yn ’e byb,
tsjinsten yn de wyk en sa altemets
in ear oan ’e doar fan wa’t iensum is.

Paadwizend yn teäter en tehûs seit
it famke mei de reade strik dat út eigen
beweech immen nei de earste rige rydt:
‘Yn dat watsto joust, bisto dat watsto hast.’