Eeltsje Hettinga 05/02/2019

Jim bestjoerders, jim fernielders

(‘Een eeuwenoud cultuurlandschap is veranderd
in een industriegebied.’ – Geert Mak)

 

 

Jim, bestjoerders, jim, fernielders,

hear de stim, de stim fan it sâlt,
de stim fan it gas,
en de stim fan it sân,

o, jim bestjoerders fan de skepping los,

stim

&

stim

en sis nee,

nee, tsjin de langer alles fernielende
yndustrialisaasje fan it lânskip en
de kust, de kust fan Koarnwert,
Laaksum oant en mei it Mirnser klif.

Jim, de bestjoerders, jim, de fernielders,

O, jimme, sânrovers, sûnder siele!

 

 

 

* Dit troch de Dichter fan Fryslân skreaune flitsgedicht, foardroegen op it bordes fan it gemeentehûs fan de Fryske Marren op ’e Jouwer, makke part út fan in ynsprekjûn oer it delsetten fan in  sânwinningsfabryk ûnder de kust fan Gaasterlân. Sjoch ek Opinybydrage Dichter fan Fryslân: Oanslach op de Gaasterlânske kust.