Wat ferlern gong, komt soms yn oare
foarmen en oare gesichten werom,
sa’tst hjirre bytiden de skynsels hearst fan
boeren, skippers en oar hantsjebakkend
hannelsfolk, in slaan – klèts – lykas bûten
de kletterjende fontein Mercurius.
Somtiden ek, op simmerdagen as hjoed,
kinst op it dak, dêr’t in hurdstiennen klok
de himel hammeret, Frjentsjer lizzen sjen.
In slach djipper ûnder tiid syn tillende
kimen sjochst it skele each fan de stege
godsfanger hear Maccovius, drinkend
yn de Bogt fan Guné, mei syn sweager
Rembrandt en, pimpeljendewei, in swik
Hongaarske studinten deromhinne.
Somtiden komt yn oare foarmen en
oare gesichten werom wat ferlern gong:
dit lân dat op ’e nij in universiteit wûn,
no, farrende ûnder Grinzer flagge,
de namme yn it Ingelsk tsjin de gevel.
Dêr’t de klok langeroan oare talen en
oare tiden wiist, gûlt fierderop in hûn
yn de gong fan de Fryske Akademy.
Fan stimmen swier hjoed it swurk boppe
it Wilhelminaplein. Yn grand kafee Z
seit it fjouwer talen pratende famke
út Budapest: Jawis, studinte bin ik,
mar suster ek fan âlde faganten, ay,
wûnderlik binne hjir de spoaren fan
de Campus, und fabelhaft die Fabelstadt.