Eeltsje Hettinga 07/10/2019

Swij do, swij

Swij do, swij, Ai Weiwei, swij! Sis, wa skonk dy it frij en
lit dyn heit, de oerheid, de bleate kont fan ’e keunst sjen?
Wat bakte dy it rjocht en stek mei harpij, sloery en lods
in tsjokke middelfinger op nei wa’tsto mei al dyn keunsten
neamd hast dyn dwingelandij? Tink net, Wei, dyn wurd seit
Wierheid. Alles watsto sjen litst, is oars net as mishipte
dekadinte smearlapperij! Harkje ris, wy hawwe it Goede
mei dy foar! Mar wolsto net omlyk, ay, wy pakke dy op,
brekke dy alle bliksemse bonken! Of wolsto aanst in baan
as skjinmakker fan skythokken yn kampen op ’e keale
flakten fan Mongoalje? Nee, swij do, swij, Ai Weiwei, swij!
Net hasto it rjocht en sis watsto tinkst, skriuwst en dreamst!

 

Ai weiwei is yn it Westen de meast ferneamde Sineeske keunstner. De Sineeske oerheid hat neat mei him op fanwegen syn krityk op it rezjym. Ai hie om dy reden te krijen mei húsarrest,  waard mear as ien kear finzen set, wylst it him ferbean waard om te reizgjen. Hjoed-de-dei libbet er yn Berlyn, wylst er meikoarten nei Ingelân ferhuzet. Foar Ai, dy’t him u.o. yngeand mei de problematyk fan de flechtling dwaande holden hat – hy is sels in flechtling – is keunst oer alle boegen polityk.

 

 

‘Marble arm’ – tentoanstelling Fuck Off 2, Ai Weiwei