Lêste gedicht Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân

25/10/2023

‘Fannijs’ is it lêste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Sigrid Kingma: ‘Foar it lêste gedicht as Dichter fan Fryslân haw ik de besikers fan myn blog frege wêr’t it oer gean moast. It resint oplôge konflikt tusken Israël en Palestina wie fansels ûnûntkomber en oerskadet al it oare nijs. It makket ûnmachtich. It is faaks better om ris in skoft gjin nijs mear te lêzen, mar in goed boek te lêzen of sels wat moais te skriuwen.’

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op dizze webside.

Op tongersdei 16 novimber om 16:00 oere nimt Sigrid Kingma, bij de beneaming van de nije Dichter fan Fryslân, yn de Stadskas fan it Explore the North-festival yn Ljouwert offisjeel ôfskie as Dichter fan Fryslân. Fansels binne jo fan herte útnûge om dêrby te wêzen.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.