Dichter fan Fryslân útnûge foar literêr festival op Sardinië

14/04/2022

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma is útnûge foar in literêr festival op Sardinië. Dat hearde se tiisdeitejûn by in besite fan in delegaasje fan Italiaanske taalminderheden oan Fryslân.

De fertsjintwurdigers fan trije taalminderheden út Italië wurde dizze wike ûnderdompele yn de Fryske kultuer. Se binne hjir op útnûging fan de Nederlânske ambassade yn Rome.

It fers ‘Helden’ fan Kingma wie foar de besite oerset yn de minderheidstalen Sardysk, Friûlysk en Ladinysk. Dy ferskate ferzjes waarden foardroegen yn it Tryatergebou. Foar Kingma kaam dat ek as in ferrassing: “It wie moai. De Ladinyske oersetting koe ik aardich goed folgje.” Festivalorganisator Tore Cubeddu fan Sardinië wie sa ûnder de yndruk fan Kingma’s tekst en foardracht dat er har spontaan nûge om yn septimber nei Sardinië te kommen foar in literêr festival.

De Friûliërs, Sarden en Ladiniërs binne hjir om ynspiraasje op te dwaan oan de hân fan hoe’t dingen yn de Fryske kultuer regele binne. De Fryske minderheid yn Nederlân hat de foarsjenningen aardich foarinoar, fine se.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.