Hoe komt it moarn?’. De poëzijfilms binne ek online te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028 en Omrop Fryslân.

" />

Nije poëzijfideo Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV

03/12/2020

No snein 20 desimber giet de twadde fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De útstjoering op Omrop Fryslân TV is om 17:50 oere, foar Fryslân Dok. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde.

De twadde poëzijfilm is basearre op it krystgedicht ‘Hoe komt it moarn?’. De poëzijfilms binne ek online te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028 en Omrop Fryslân.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.