Gedicht Dichter fan Fryslân te lêzen fanút de loft

21/04/2020

Nyk de Vries skreau as Dichter fan Fryslân foar it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ in gedicht dat oer de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen útskreaun wurde sil. De bewenners fan de Waadeilannen skriuwe op alle fjouwer eilannen in strofe út op it strân.

No freed 24 april is de útstjoering fan ‘Fryslân fan Boppen’ op Omrop Fryslân TV mei dêryn de dronebylden fan de eilannen sadat it gedicht fan boppe te lêzen wêze sil. ‘Fryslân fan Boppen’ wurdt útstjoerd fan 14:00 – 16:00 oere en om 21:30 oere. Fansels binne de bylden ek werom te sjen fia ‘Utstjoering mist’ en de Facebookside fan it projekt Dichter fan Fryslân.

Foar ‘Fryslân fan Boppen’ kinne minsken in boadskip op ‘e grûn meitsje om de ynwenners fan Fryslân in hert ûnder de riem te stekken. Twa wiken lang fleane alle wurkdagen drones boppe de provinsje om dy boadskippen en minsken te filmjen. De bylden wurde útstjoerd op Omrop Fryslân, by de Ljouwerter Krante en op de Facebookside fan LF2028. ‘Fryslân fan Boppen’ is in inisjatyf fan de Fryske gemeenten, LF2028 en de provinsje Fryslân yn gearwurking mei Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.