Nij gedicht Dichter fan Fryslân: ‘It fertrek’

03/05/2019

Heal april ferstoar Hessel Miedema, skriuwer, dichter, keunsthistoarikus en âld-konservator fan keramykmuseum Princessehof. Miedema is de fader fan de moderne neioarlochske poëzy yn Fryslân. Syn wurk wie baanbrekkend en grinsferlizzend. Gedichten as ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ binne hichtepunten yn de Fryske literatuer.

Yn 1964 sette er radikaal in punt achter syn skriuwen yn it Frysk. Hy ferhuze nei Amsterdam, dêr’t er as wittenskiplik meiwurker oan de Universiteit van Amsterdam promovearre op it wurk fan de 16de-iuske skriuwer en skilder Carel van Mander. Oan Fryslân hie er gjin boadskip mear. De Fryske literatuer wie neffens him in regionale en provinsjalistyske oangelegenheid.

Oer it Frysk as taal sei er dat ‘het Fries meer een dialect is dan een taal.’ It waard him net yn tank ôfnommen. De dialektisearring fan it Frysk is wilens in mear as aktueel tema. Miedema einige syn lêste, yn it Nederlânsk stelde skriuwen mei it fersyk: ‘Noem mij niet meer.’ Lykwols, it soe in goede saak wêze en earje de dichter, dy’t by libben winliken de Gysbert Japicxpriis krije moatten hie, mei in werútjefte fan syn lyts, mar belangryk en ynfloedryk oeuvre. Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it I.M.-gedicht ‘It fertrek’.

Eksposysje omslaggen Fryske dichtbondels: ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

04/07/2025

Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, tidens it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. Dichter fan Fryslân Arjan Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.