Opinybydrage Dichter fan Fryslân LC 20 oktober 2018

20/10/2018

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, fêstiget de oandacht op in Frysk-Surinaamske link yn it Surinaamske folksliet. Lês hjir de opinybydrage fan de Dichter fan Fryslân yn de Ljouwerter Krante fan 20 oktober 2018.

 

 

De ûntsteansskiednis fan it Surinaamske folksliet hat in grut Frysk gehalte. De oarspronklike tekst, dy’t úteinset mei de rigel ‘Suriname’s trotse stromen’, waard skreaun troch de Fryske predikant Cornelis Atses Hoekstra (1852-1911), op in út 1876 datearjende melody fan de Fryske ûnderwizer J. C. de Puy.

In goed heale iuw letter wer-skreau de Surinaamske dichter, ûnderwizer en bibliotekaris Trefossa de tekst fan it liet foar wat yn 1959 it offisjele folksliet fan Suriname wurde soe, in út twa kûpletten besteand gedicht, it earste yn it Nederlânsk, it twadde yn it Sranantongo.

Trefosssa bewarre twa rigels fan it oarspronklike, yn 1893 skreaune gedicht fan Cornelis Atses Hoekstra, in Luterske, yn Hallum berne predikant.

It gedicht waard ynearsten songen as ferske yn de sneinsskoalle, mar waard oan it begjin fan de 20ste iuw sa populêr dat it desennia oanien brûkt wurde soe as it offisjeuze Surinaamske folksliet.

Taalkundige en oersetter Welmoed de Boer, oarspronklik fan Damwâld mar sûnt jier en dei wenjend en wurkjend yn Paramaribo, lit witte dat de melody fan De Puy neffens skriuwer, dichter en muzykpedagooch Rudy Bedacht basearre is op in âld, Frysk berneferske út de 19de iuw. “Mar hokker ferske dat west hat, dat moat ik noch útsykje.”

De bannen tusken Suriname en Fryslân geane, koartsein, in pear slaggen fierder as de A7. Yn 1952 makke it literêre tydskrift de Tsjerne it saneamde Suriname-nûmer, dêr’t tal fan Surinaamse skriuwers en dichter in bydrage oan diene.

Se sochten oansluting by de Fryske literatuer. Se werkenden inoar yn de minderheidsposysje dy’t se hiene. “Mear as hwer ek yn Nederlân kinne de Surinamers yn Fryslân op bigryp en sympathy tidigje”, skreau Fedde Schurer út namme fan de redaksje yn it foaropwurd.

It nûmer fan de Tsjerne is ek te finen yn de argiven fan de Black Archives. Mitchell Esajas, ien fan de oprjochters fan de Archives: “Destijds zagen Friezen en Surinamers kennelijk zo veel overeenkomsten met elkaar dat ze zo’n gezamenlijk project op touw hebben gezet. Ze herkenden bij elkaar een gedeelde ervaring van de onderdrukking van hun taal en cultuur.”

Esajas tinkt dat der yn dy tiid, de jierren fyftich, mear solidariteit field waard tusken alderlei ûnderdrukte groeppearings. “Het is allemaal erg individualistisch geworden.”

Oer de tekst fan it Surinaamske folksliet binne tal fan debatten fierd. Rudy Bedacht, oer waans libben en wurk meikoarten in grut artikel ferskynt yn it Surinaamske opinytydskrift Parbode, wie fan betinken dat de melody fan de Fryske toandichter De Puy te koloniaal wie. Bedacht skreau sels in nije melody, mar in offisjele status hat dy nea krigen.

De Surinaamske dichter-skriuwer Edgar Cairo repte oait fan in stompsinnich ferske, sa tradisjoneel Hollânsk as de pest.

“Hij vroeg zich af”, skriuwt Surinamist Michiel van Kempen yn Een geschiedenis van de Surinaamse literatuur, “hoe het mogelijk was dat een volk onder warme en antoesjaste tropische sferen, met een heerlijk temperament, zó’n afgesleten oubollig rijmpje met een maatslepende Wilhelmusachtige melodie aksepteert! Joost van den Vondel zou zich ervoor schamen! (Vaarwel, o Surinaam, verwacht ene andere melodije.)”

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/07/2024

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Sille we der mar fan útgean dat it noch altyd reint as dit gedicht ferskynt? It waar kin ús yn ‘e hûs twinge. Foar de ien is in finster in privacy-lek, foar de oar in ding om troch nei bûten te sjen.”

Martsje de Jong wint Fryske SLAM 2024!

28/06/2024

Martsje de Jong krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM 2024! Dêrmei waard sy de bêste Poëzijslammer fan 2024! Sigrid Kingma waard twadde. De Fryske SLAM soarge lykas ferline jier ek diskear wer foar in rekôr oantal besikers yn De Gouden Leeuw; sa’n hûndert man publyk wie tsjûge fan de foardrachtswedstriid.