Gedicht Dichter fan Fryslân yn Taal fan it hert

25/07/2018

Tiisdei 17 july is de app ‘Taal fan it hert’ presintearre. Op inisjatyf fan de Provinsje Fryslân is in tsien jier âlde útjefte fan it boekje ‘Taal fan it hert’ fernijd en no ek beskikber as smartphone app.

Spesjaal foar dizze app skreau de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, it gedicht ‘It klappen fan de dyk’ dat yn it Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk werom te finen is yn de app en yn bygeande brosjuere.

De app is foar toeristen en Friezen dy’t mear fan it Frysk, de Friezen en Fryslân witte wolle. De ‘Taal fan it hert’-app is te downloaden yn de Play Store fan Androïd en de App Store fan Apple.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

‘Net op ús’, nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/10/2025

‘Net op ús’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.