Grut tal oanmeldings foar Dichter fan Fryslân

15/09/2017

Mar leafst 36 dichters hawwe sollisitearre nei de funksje fan Dichter fan Fryslân. Oant en mei 10 septimber koenen kandidaten sollisitearje nei Dichter fan Fryslân troch in Frysk gedicht en in koarte motivaasje yn te stjoeren.

Fan hjoed ôf oan kin ek it publyk syn stim hearre litte. De sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, hat út alle ynstjoerings in foarseleksje makke fan trije kandidaten. Op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl kin elkenien fia in stim op syn of har favoryt gedicht, fan ien fan dy trije kandidaten, in foarkar trochjaan.

Dêrnei bepaalt de sjuery, mei it achtslaan fan de publyksstimmen, wa fan de trije kandidaten foardroegen wurde sil as earste Dichter fan Fryslân. Op freedtemiddei 24 novimber makket deputearre Sietske Poepjes yn de Herman Gortertsjerke yn Balk bekend wa’t de provinsje beneamd hat as earste Dichter fan Fryslân.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.

Eksposysje omslaggen Fryske dichtbondels: ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

04/07/2025

Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, tidens it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. Dichter fan Fryslân Arjan Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.

‘Tongerfûgels’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân en de Stedsdichter fan Ljouwert

03/05/2025

‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. No snein wurdt it gedicht troch beide laureaten foardroegen tidens Deadebetinking op 4 maaie yn Ljouwert.