Earste oanmeldings foar ‘Dichter fan Fryslân’ binne binnen

28/07/2017

In dikke wike nei de iepening fan de ynskriuwingsperioade, binne de earste sollisitaasjes foar ‘Dichter fan Fryslân’ al binnen. Ek meidwaan? Stjoer dan fia it ynskriuwingsformulier dizze webside in koarte motivaasje en ien nij selsskreaun Frysktalich gedicht.

Op dizze webside fynst ek mear ynformaasje oer de proseduere, wat wy freegje en wat wy biede. De ynskriuwingsperioade rint oant snein 10 septimber. Noch 43 dagen …

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.