Dichter fan Fryslân

Poet of Fryslân

Dichter van Fryslân

Arjan Hut 03/06/2026

Stêd yn ’e noardewyn

op de brêge tusken pleasure plaza (diskreet
en persoonlijk) en burrito brothers
stiet it brûnzen byld fan in dûnseres,
momintopname
fan ien yn fleurige beweging

in heit mei twa dideljende famkes
knibbelet njonken de sokkel
en siket om de qr-koade

de famkes bûgje har oer de grêft

soms doch ik ek as bin ik bern
en speur om myn gesichten yn it wetter
do witst noait krekt wa’t der werom sjocht

o, margaretha!

de wyn dûkt ûnder de brêge troch
krijt nimmen fan ús werklik beet
yn syn ivige beweging

Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier en wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn of har poëzij. By grutte foarkar yn it Frysk of yn in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.

Fan de Dichter fan Fryslân wurdt ferwachte dat hy of sy in oantal kearen yn it jier optreedt by neier oan te wizen gelegenheden.

Arjan Hut

Arjan Hut (Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en publisearre yn 2004 syn earste dichtbondel ‘Nachtswimmers’. Hy wie earder stedsdichter fan Ljouwert en waard yn 2019 foar twa jier beneamd ta Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen. Hut is redakteur fan ‘de Moanne’ jout poëzijles oan de Skriuwersfakskoalle en de Schrijversvakschool en makket tegearre mei Gabriëlle Terpstra de podcast ‘Net Ferkeard’. Hy soe graach presys witte wat der mei JFK barde, hâldt fan boeken, films, samba jazz en hardrock. Hy is troud, hat twa bern en ien kat. Syn meast resinte, sechsde bondel, ferskynde yn 2023 en hjit fan ‘Ien tel de ierde stil’.