Presintaasje poëzijmasine Dichter fan Fryslân

03/02/2018

Op sneon 3 febrewaris fûn yn Tresoar de feestlike start plak fan de fjouwer poëzijmasines fan de dichters Grytsje Schaaf, Sytse Jansma, Elmar Kuiper en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.

De dichters wurken foar dit bysûndere Lân fan Taal-projekt gear mei de keunstners Kaneli en Smit, Machteld van Buren en Hans Wijnbergen. Mei de foardracht fan it gedicht ‘Au Musée’ iepene de Dichter fan Fryslân de eksposysje fan de poëzijmasines yn Tresoar. De masines binne noch it hiele jier te bewûnderjen.

Ryzji yn it Frysk – Presintaasje 24 maaie – galery melklokaal

19/03/2019

Ein maaie ferskynt ‘Ryzji yn it Frysk’, in mei de hân ynbûne, twatalige [Nederlânsk-Frysk] bibliofile útjefte, mei gedichten fan de Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001), oerset troch Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân: ‘Skip fûgel lân’

19/03/2019

Boppe de Waadeilannen rint ien fan de drokste skipsfeartrûtes fan Europa. De kâns op ûngelokken is net lyts. Begjin jannewaris gie it mis doe’t it Panamese frachtskip MSC Zoë 345 konteners mei gefaarlike stoffen en plestik rotsoai ferlear. In ekologyske ramp.