It plafon is wol echt
fan glês in touchscreen
mei in fette ôfdruk
op in befingere kamera-ikoan.
Better wie it bestikkere
sa’t de ambisjeuze wjukkelpyk
yn folle flecht net lamslacht
op transparânsje.
Leaver noch wie it fan hout
dat by eltse stap it hakketakjen
trochsjongt as de hege baas
in bakje kofje helje lit.
Eschertreppen derop
dûzeljende yllúzjefûgeltsjes
set de keamer op ’e kop
oant draaien it swijen opslokt.
Triljend iepenet in kulkykje
de gong der’t nimmen yn doarde
it plafon leit oan diggels, sjoch
wjuklammen, de loft is blau.