Swalker

Der stapte in bosk op it stasjon om
der’t ik drompels yn bedobje koe
de stêd in freonlike sêftens
yn in rook fan swartebeiblêd.

Der siet in bosk by de bibleteek
dêr’t boekjelêzers yn fuortdreame oer
prinseskes dy’t stobben oankrûpe
tinzen fluitsje tusken tûken
fernimme hoe’t guon meibewege.

Dêr swalket er mei koarte poatsjes
statich troch de binnenstêd
op syk nei paradyslike sankjes
hommels de hoeke om.

Klavers op strykhichte weevje
in tekken fan grientinten lit my
ferdwine yn it filtere sinneljocht
nije stekjes stêd ûntdekke
djipwoartele langsten kennen leare.

Kalm fearjend beamtegrien
heint ferblide wylde fûgels
op klanken fan it hert
oan de ein liken as alles
wer útien mar frij en stadich
yn fêste grûn de hichte yn.