Fannijs

In Joad, in deade
in blêd, in reade
strewel kin de iepenklaude lyksekken
nei fyftich jier wer ferrast
net hoedzje foar Scar en Shere Khan

De memmen en heiten sjonge
fan brún en griis foar de ûnskuld
om it libben, om it libben
blêderein lit jitris ferjitte dat
it stoarmet yn de hjerst

It reint gewoan drippen
blêd falt fannijs
ferstek roazen sûnder moffen
bloed oan de hannen
slyt hurder as ylt

Omwuolle mei kramtried
fredet Charlie salang’t it neare nijs
knisperjend ta jiske baarnt
efter in fallen muorre
slacht it memmehert in bluesnacht yn

As Arabieren mear fan har bern
holden as dat se ús haatsje, suchte Golda,
mar ierdbeien ha de ferkearde kleur
treffe net sa hurd as pompoenen
en Hanukkah is noch fier

Trein neemt verkeerde afslag
Europarlementariërs per ongeluk in Disneyland
In blêd, in deade
in seizoenskonsert falt
fannijs mei in dissonant.