even
dit briefke, hastich skreaun
ûnderweis, yn de trein,
ik kom fan fierren, of lis ik siik
op de bank en hallusinearje?
wa wit, wa wit
ja, fantasearjend − ûnderweis nei dy
(mar wêr’tsto stiest, gjin idee)
tsjûke-tsjûk!
ûnder in tekken, it liket wol novimber
koarts út beide noasgatten
de nacht raast by de finsters del
skiere pûsters rochelje en smûge, man
de kop fol mist en nergens langer seker fan
mar twivelje mei!
twivelje mei omdat it bloed oars fan de dakken spat
omdat alwittende alfa’s mei har simpele slogans ús
sa faak al nei de ôfgrûn brochten
omdat der dan miskien wol romte komt foar gedichten en ferhalen, omdat lústerjen smoarch wurk is, omdat fertellen dreech is
twivelje mei omdat it ús dochs wol yn de kop omwynt
wa seit dat ommers noch, sûnder omhaal, simpelwei
doch − gewoan − normaal?
neat hjir is gewoan, neat is hjir normaal
de skulp net op it strân
de see net dy’t de skulpen brocht
de wyn net dy’t de golven skept
twivelje mei
want de tsjerken fan it wiere leauwen ha
neat mear te fertellen oer wierheid
as do en ik
dat, even
dit briefke, ynderhaasten, wylst it ljocht fuortkrûpt
like wis as de taal dêr’t ik dy yn skriuw:
yn de kûpee
sitte twa froulju en in jongeman
fanmekoar skieden
troch koptillefoans
mei skermkes foar de eagen
te skrollen en te swipen
sjogge se my wol, in koartsdream op de bank?
snút de noas, slik in pil
de nacht kochelet by de finsters del
bin ik op it goede spoar?
it is net dat ik skriuw omdat ik safolle wit
as ik oer de wierheid dichtsje sil
dan kreakje my de wurden
en ik twivelje oan de stimmen op it web, oan de stimmen
yn myn holle en de stim út de lûdsprekker dy’t seit
‘de volgende halte
Utopia – denk erom:
links uitstappen’
dizze links?
‘nee!
de andere links!’
twivelje mei
omdat Aggie it sei
omdat Wisława it sei
omdat Etgar it seit!
stel dyn leauwen leaver út en
lit mystearje ta
op de opinysiden fan de wrakseljende kranten
yn de tizebosken fan de oermacht
yn myn ôfkuoljende hert en oerprikkele kop fol stikels
lit betizing ta
yn de doffe karbidknallen boppe dokkum
yn it tsjuster fan it waad
yn de rein opspattend yn gloppen fan de tinteljende stêd
de ien syn kutwaar
is de oar har oankrûperswaar
as nachts myn bêd oan see leit
en it roezemuozzet yn de loft
as ik mei de bisten flean
en bid sûnder god
as de wyn de wei wiist
en in bern foar it sliepen
de ierde stil telt
lit it ûnbekende ta sadat wy mekoar yn al ús delikate ferbiningen
net kwytreitsje
komme trije friezen by de dokter
freget de barman: wat moat it wurde?
seit de earste fries
stjerren besteane net
de duvel plakt se yn de nacht
om ús te ferrifeljen
seit de twadde fries
stjerren besteane net
de leave hear set se oan de himel
om ús leauwen te testen
seit de tredde fries
de puzelstikjes komme net mear bymekoar
tink ik, mar
wa wit
no sa, wa wit