en de wyn blaast in ûnbestimd liet
en de rein tikket in ferbean boek oer de dakken út
“God nimt foto’s”, sei mem as it wjerljochte
ik bin mar in ienfâldige Fries
net geskikt foar wurk op kantoar
ûnhandich mei de holle
en hannen
sa rommelje ik mei gedichten om
somtiden strompelje ik,
mei de krantekop fol ronfels, nee,
de tongerkop fol fonken!
nei it finster
en stroffelje suver
oer it lytste strypke simmer
dan, achter yn de keamer
hear ik in fertroude stim, fan “sjoch,
it tommeljen fan wolken, wat in moaie loft!”