Dichter fan Fryslân op it UIT-Festival Ljouwert

01/09/2018

Moarn 2 septimber tusken 13:00 en 17:00 oere presintearje kultureel tydskrift de Moanne en Recreatieschap Marrekrite alle oeren 4 dichters mei Fryske, Nederlânske en Flaamske poëzij.

De Marboei-dichters Saskia Stehouwer, Maarten Inghels, Syds Wiersma en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga bringe in literêr programma fol prachtige Marboei-poëzij. Wolkom yn de Ljouwerter Prinsetún oan bakboardkant fan it Marboeiskip. Nim plak op ien fan de Marboeien yn de Prinsetún en lústerje nei de moaiste poëzij fanôf it Fryske wetter.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.