Dichter fan Fryslân op it UIT-Festival Ljouwert

01/09/2018

Moarn 2 septimber tusken 13:00 en 17:00 oere presintearje kultureel tydskrift de Moanne en Recreatieschap Marrekrite alle oeren 4 dichters mei Fryske, Nederlânske en Flaamske poëzij.

De Marboei-dichters Saskia Stehouwer, Maarten Inghels, Syds Wiersma en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga bringe in literêr programma fol prachtige Marboei-poëzij. Wolkom yn de Ljouwerter Prinsetún oan bakboardkant fan it Marboeiskip. Nim plak op ien fan de Marboeien yn de Prinsetún en lústerje nei de moaiste poëzij fanôf it Fryske wetter.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

‘Net op ús’, nij gedicht Dichter fan Fryslân

23/10/2025

‘Net op ús’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.