Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Ik ha net de yllúzje dat ien mei in slogan of in gedicht minsken skermtiid ynruilje litte kin foar ‘mear poëzy’. De titel is ek rjochte oan mysels – wol ik safolle oeren fan myn tiid yn de beheinde romte fan in skerm trochbringe? Ek al sizze de harsens, toe mar, toe mar? Mear meimekoar dwaan, wêze, ynstee fan elk yn in eigen algoritme-bubbel, it liket my de muoite fan it besykjen wurdich. De tekst is opboud út titels dy’t ik seach yn winkel mei twaddehânsk boeken.”

De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.