Advyskommisje Dichter fan Fryslân bekend

08/07/2021

Wa wurdt de nije Dichter fan Fryslân? Novimber dit jier wurdt bekend makke wa’t Nyk de Vries, de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân, opfolget. Deputearre Steaten hawwe in advyskommisje frege om mei in foardracht te kommen. Dêryn sitte Cilla Geurtsen, Annemary Lindeboom en Tsead Bruinja.

Ien kear yn de twa jier wurdt in nije dichter fan Fryslân keazen. Dy titel giet nei in dichter fan wa’t it wurk heech op kwaliteit, eigensinnigens en meartaligens skoart. Ek affiniteit mei keunst, orizjinaliteit en presintaasje telle mei. Eeltsje Hettinga wie de earste dy’t de titel fertsjinne, Nyk de Vries de twadde. De Dichter fan Fryslân skriuwt alle jierren op syn minst seis Frysktalige gedichten en treedt yn alle gefallen twa kear yn ‘t jier op as Dichter fan Fryslân. Yn syn rol is hy ambassadeur fan de Fryske poëzy.

Cilla Geurtsen is dosinte Nederlânsk en resinsint foar de Ljouwerter Krante. Ek wie hja foarsitter fan de Gouden Gurbe sjuery. Annemary Lindeboom is sels dichter en oprjochter fan it wurdkeunstnersplatfoarm ‘Dichter by Leeuwarden’. Tsead Bruinja wie Dichter des Vaderlands yn 2019 en 2020 en skriuwt gedichten yn sawol it Frysk as it Nederlânsk.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry’

16/11/2023

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.