Dichter fan Fryslân sjuerylid ultrakoarte ferhalewedstriid Ensafh

28/05/2020

Nyk de Vries, nimt as Dichter fan Fryslân, in sit yn de sjuery fan de ultrakoarte ferhalewedstriid fan literêr tydskrift Ensafh.

Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de ‘Lange koartproazajûn’ dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt. De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.

De sjuery bestiet fierder út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL) en Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid).

It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin ynstjoerd wurde nei ensafhproaza@gmail.com oant 1 july 2020. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en tillefoannûmer.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.