Bydrage LC-rubryk ‘Moanne fan it Fryske boek’: De Fryske poëzy libbet noch …

30/03/2019

Hjoed yn de LC-rubryk ‘Moanne fan it Fryske boek’ in skriuwen oer de Fryske poëzy en in tal belangrike dichters. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it tal sels is te lyts. De basis is te smel.

“De Fryske literatuer stiet oer alle boegen ûnder druk. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it tal sels is te lyts. De basis is te smel. Net om ‘e nocht wie der juster op de Fryske Akademy in krisis-sympoasium oer de frisistyk.

En dochs libbet de Fryske poëzy, as in hart. In leger oan foardragers stapt tsjintwurdich, al sjongend, sprekkend en slammend, it lân troch. Muzyk- en literatuerfestivals as ‘Welcome to the Village’ of ‘Explore the North’ lûke alle jierren hûnderten besikers.

It binne de (poadium)dichters dy’t de kearn fan de orale poëzy – it magysk sprekken – ferbine mei alderhande keunstdissiplines, fan muzyk, fideo oant en mei dûns.

Dêrmei kom ik út by it wurk fan in tal belangrike dichters, dat boppedat in net ûnfertsjinstlik plak hat yn it Nederlânske literêre systeem: Tsjêbbe Hettinga, Anne Feddema, Albertina Soepboer, Elmar Kuiper en Tsead Bruinja.

Ek al heart Arjan Hut net daalks by dat rychje, dochs moat er hjir neamd fanwegen syn boartlikens, fernimstigens en humor.

In hichtepunt is it noch altyd like aktuele Oh in stêd, ah in lân fan Tiny Mulder, in syklus fersen oer Venetië en Fryslân dy’t harren kultuer fierhinne bepaald witte troch de striid tsjin it wetter, de see.

Dêrneist steane, allike krachtich, byldryk en universeel, de twa grutte skeppingsgedichten ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ en ‘de greate wrakseling’ fan Hessel Miedema.

De earste oer in jong famke dat stadichwei har eigen seksualiteit ûntdekt. De twadde oer de byldhouwer dy’t foar fernijing fjochtet en him net fêstlizze litte wol in âlde, bestjurre foarmen”

Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân

.
sjoch ek:

 

Gedicht Dichter fan Fryslân op foarside Leeuwarder Courant

13/02/2023

Skriuwers en dichters stean massaal achter de bedrige skriuwer Pim Lammers. De Leeuwarder Courant frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht te skriuwern foar it frije wurd. Sneon 11 febrewaris stie har gedich ‘Frije murd’ op de foarside fan de Leeuwarder Courant.

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

01/02/2023

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.