Ryzji yn it Frysk – Presintaasje 24 maaie – galery melklokaal

19/03/2019

Ein maaie ferskynt ‘Ryzji yn it Frysk’, in mei de hân ynbûne, twatalige [Nederlânsk-Frysk] bibliofile útjefte, mei gedichten fan de Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001), oerset troch Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus.

Yn dizze limited editio (86 siden) binne portrettekeningen fan Ryzji opnaam, makke troch keunstner Jochem Hamstra. De orizjinelen binne te sjen by de presintaasje fan de útjefte, freed 24 maaie, yn galery melklokaal op it Hearrenfean.

Boris Ryzji debutearre as dichter yn 1994. Hy makke namme yn Moskou en Sint Petersburg. Yn 2000 naam er diel oan Poetry International yn Rotterdam. In jier letter, sân maaie 2001, benaam er himsels it libben. Foar syn wurk krige er twa grutte literêre prizen, ien derfan postúm.

Ryzji syn wurk waard yn Nederlân ûnder oaren oerset troch Anne Stoffel, byinoar brocht yn de bondels Wolken boppe E (2004) en Afscheid in Rusland (2013). Foar har oersetwurk krige se yn 2005 de Aleida Schotpriis, yn it bysûnder foar Wolken boven E.

Film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst makke yn 2008 de yndrukwekkende, mei tal fan prizen bekroande dokumintêre “Boris Ryzhy”.

Meikoarten mear nijs oer ‘Ryzjy yn it Frysk’
.

Hânbûn mei singerstek, 86 siden, swart-wit en read, mei portrettekeningen, 17 x 23 cm, limited edition, sinjearre – YNTEKENJE – Yntekenje op in eksimplaar fan dizze bysûndere útjefte kin oant tsien maaie 2019 fia: info@melklokaal.nl. Prijs 40,- euro. OP=OP!

 

Eind mei verschijnt ‘Ryzji yn it Frysk’, een met de hand gebonden, tweetalige (Nederlands-Fries) bibliofiele uitgave, met gedichten van de Russische dichter Boris Ryzji (1974-2001), vertaald door Eeltsje Hettinga.

In deze limited editio (86 blz.) zijn portrettekeningen van Ryzji opgenomen, gemaakt door kunstenaar Jochem Hamstra. De originelen zijn te zien tijdens de presentatie van de uitgave, vrijdag 24 mei, in galerie melklokaal in Heerenveen.

Boris Ryzji debuteerde als dichter in 1994. Hij maakte furore in Moskou en Sint Petersburg. In 2000 nam hij deel aan Poetry International in Rotterdam. Een jaar later, zeven mei 2001, pleegde hij zelfmoord. Voor zijn werk kreeg hij twee grote literaire prijzen, waarvan één postuum.

In Nederland werd Ryzji onder anderen vertaald door Anne Stoffel, verzameld in de bundels Wolken boven E (2004) en Afscheid in Rusland (2013). Voor haar vertalingen uit het Russisch kreeg ze in 2005 de Aleida Schotpriis, in het bijzonder voor Wolken boven E.

Film- en documentairemaker Aliona van der Horst maakte in 2008 de indrukwekkende, met tal van prijzen bekroonde documentaire “Boris Ryzhy”.

Binnenkort meer nieuws over ‘Ryzji yn it Frysk’

‘Ryzji yn it Frysk’ – hânbûn mei singerstek, 86 siden, swart-wit en read, mei portrettekeningen, 17 x 23 cm, limited edition, sinjearre – YNTEKENJE – Yntekenje op in eksimplaar fan dizze bysûndere útjefte kin oant tsien maaie 2019 fia: info@melklokaal.nl. Prijs 40,- euro. OP=OP!.

 

Mear oer Boris Ryzji op dit webloch:

.

Gedicht Dichter fan Fryslân op foarside Leeuwarder Courant

13/02/2023

Skriuwers en dichters stean massaal achter de bedrige skriuwer Pim Lammers. De Leeuwarder Courant frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht te skriuwern foar it frije wurd. Sneon 11 febrewaris stie har gedich ‘Frije murd’ op de foarside fan de Leeuwarder Courant.

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

01/02/2023

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.