Nei klank is it in wat sêftsedich wurd, ien dêr’t je, bygelyks, net even lekker hurd op rymje kinne. Want dat smyt al gau rymkes op fan it kaliber omke romke plukt in (heide)blomke. Nee, dan foldocht it wurd kut einen better. Of om it sechje oan te heljen fan Blauwe Piter dy’t in Sneker is: in kut hat gjin nut at dy net sturt wurdt.
de foarkeamer

De skriuwer W.F. Hermans hie der ek ferstân fan. Yn Een wonderkind of een total loss seit er op in stuit: ‘Vagina? Zeg maar gewoon kut.’

Dat sitaat hie ik net paraat, mar fûn ik yn it Bargoens Woordenboek. It Ingelske wurd ‘cunt’, sa leart my dat wurdboek, giet werom op it wurd dat juster de titel wie fan in kostlike kollum fan Asing Walthaus yn de Ljouwerter, nammentlik ‘kuntha.’

Der moat in foech twa desennia lyn in soartemint fan smoarge-wurden-sympoasium by de Fryske Akademy west hawwe. Walthaus referearret dêr ek oan as er it rychje wurden oanhellet dat ien fan syn kollega-ferslachjouwers destiids by de Akademy optekene: fodze, gat, fet, poarte, ûnderdoar, foarkeamer, geboarteplak, skie, yngong, wettermûne, krús, skoar, naad, poes, de flotgerzen, de prom, it boek mei twa blêden, Jeruzalem, it Wapen fan Bremen en Aken en Keulen.
fan kot nei kit

Ek wie der yn dy snuorje it digitaal Fryske literêre tydskrift K. dat útein sette mei in eroatyske rubryk, skreaun troch taalkundige Anne Dykstra fan de Fryske Akademy, teffens ek in goed etymolooch.

‘pyt wol yn ‘t hok triviaal faginaal te potfertar’

As redaksjelid hie ik him frege om in ljocht te smiten op Fryske eroatyske wurden, sechjes en útdrukkings. It hiele korpus soe in moai eroatysk wurdboek opsmite kinne. De rubryk (dy’t, miende ik, de titel ‘Yn ’e flotgerzen’ hie) wie hot, hipte fan kot nei kit en waard in hit, mar soe net lang bestean.

De LC krige der lucht fan en helle Dykstra nei de krante. Dykstra syn skriuwen ferskynde dêr ûnder de titel ‘Taboe of net taboe’, mar hie in mear algemien taalhistoaryske ynslach. De rubryk sels stoar in stadige dea.

Fan in eroatysk wurdboek is it yn alle gefallen noait net kaam. Kut dus. Tiid foar in Frysk eroatysk wurdboek. Hjirûnder it gedicht ‘Lulle’ út Apreos, s. 41-43.

 

 


.
LULLE

Ik neam dy net
…..famke net fan hoas
…..madamke geil fan fisk
…..mokkeltsje fan kom ris leaf

ik neam dy net eadat it preaun is
dyn sop te knorr, ynske rynsk
by ’t sleven fol

my is leaver
it hoal fan liif as it holl’ fan namme of
better: no fuort te hou
– kul om mul –
as daliks foar lul mei klapklap-
klappertoskjend ûnderdoarke dwaan;

ay, flean-op-sa-sa, hjir
gjin retoarikagejens of oare joeker-de-jeuzela,
mar graach
libbene harmoanika –

Witst net hoe lang ik socht om
Candy op ‘en tsjik-en-tsjekst-teken-Frysk,
om kletsende fammekezen
foar ringen yn koperen bolleneuzen,

hoe durk’rige kut
alle temûk efter de hân fertelde tellen
……oer dommenes
bigotsjend it earsgat fan god en kelle bern
……oer húshâldsters
te skamlipwask op Rotterdamske sjipsopflessen
……oer rampetampers
mei famkes fan alve, tsien, acht en jonger

…. .fellaasjo et spiritu sanctum
…. ferkrêfting yn ekselsius deo
ûnder it fine sân fan Sondel
de griene woestinen achter Ferwert
en alle swarte mollebulten boppe Dokkum

de ûnderklasse fan it lichem, altiten ûnder-
fertsjintwurdige, mei lang om let
it ferdomde tekoart dwaan
…..oan balken fearten en spoar
…..ekstatysk yn minetsjen

srv en post hearre tenei mear as kwattel en molke te jaan

lit ús pingpong, triviaal faginaal te potfertar
Pyt wol yn it hok
te toeren mei de kruk,
farrend ûnder de brêgen troch
…………………………………wol no
mei de pypkes fan dyn slipke
as knine-earkes
…..gleon op ‘e kop
…..geil fan slinger
…..hyt yn it gewear
foarby alle dwingers!

pandoer my de boerefluit
lit lypje myn hichteroer
lit pypje dyn skoarstienkoer –

What a fuck,
…..ropt Anna Blom fan ‘e Falom,
………. . kinst wat minder lulle, ja?
……………………. wat minder prate, hee?
………………………………. wat minder sizze, ja?
…………………………………………… al dat neamen, ja?

………………………………………FUCK

………………….SHIT

de lape dyst setst
dy setst mei it setten fan dyn punt,
lul

.

" />

Opinybydrage Dichter fan Fryslân: Tiid foar in eroatysk wurdboek

28/02/2019

Der moast in nij wurd foar fagina komme. Bergen synonimen skoden de lêste wiken by de redaksje fan it debatprogramma Iepen-Up troch de bus. Dat gong fan skelpke, paradyske oant en mei it überfriesische wurd pompebledsje. By de fierhinne defeministyske wedstriid kaam it wurd flomke lang om let as bêste út de bus.

 

Nei klank is it in wat sêftsedich wurd, ien dêr’t je, bygelyks, net even lekker hurd op rymje kinne. Want dat smyt al gau rymkes op fan it kaliber omke romke plukt in (heide)blomke. Nee, dan foldocht it wurd kut einen better. Of om it sechje oan te heljen fan Blauwe Piter dy’t in Sneker is: in kut hat gjin nut at dy net sturt wurdt.
de foarkeamer

De skriuwer W.F. Hermans hie der ek ferstân fan. Yn Een wonderkind of een total loss seit er op in stuit: ‘Vagina? Zeg maar gewoon kut.’

Dat sitaat hie ik net paraat, mar fûn ik yn it Bargoens Woordenboek. It Ingelske wurd ‘cunt’, sa leart my dat wurdboek, giet werom op it wurd dat juster de titel wie fan in kostlike kollum fan Asing Walthaus yn de Ljouwerter, nammentlik ‘kuntha.’

Der moat in foech twa desennia lyn in soartemint fan smoarge-wurden-sympoasium by de Fryske Akademy west hawwe. Walthaus referearret dêr ek oan as er it rychje wurden oanhellet dat ien fan syn kollega-ferslachjouwers destiids by de Akademy optekene: fodze, gat, fet, poarte, ûnderdoar, foarkeamer, geboarteplak, skie, yngong, wettermûne, krús, skoar, naad, poes, de flotgerzen, de prom, it boek mei twa blêden, Jeruzalem, it Wapen fan Bremen en Aken en Keulen.
fan kot nei kit

Ek wie der yn dy snuorje it digitaal Fryske literêre tydskrift K. dat útein sette mei in eroatyske rubryk, skreaun troch taalkundige Anne Dykstra fan de Fryske Akademy, teffens ek in goed etymolooch.

‘pyt wol yn ‘t hok triviaal faginaal te potfertar’

As redaksjelid hie ik him frege om in ljocht te smiten op Fryske eroatyske wurden, sechjes en útdrukkings. It hiele korpus soe in moai eroatysk wurdboek opsmite kinne. De rubryk (dy’t, miende ik, de titel ‘Yn ’e flotgerzen’ hie) wie hot, hipte fan kot nei kit en waard in hit, mar soe net lang bestean.

De LC krige der lucht fan en helle Dykstra nei de krante. Dykstra syn skriuwen ferskynde dêr ûnder de titel ‘Taboe of net taboe’, mar hie in mear algemien taalhistoaryske ynslach. De rubryk sels stoar in stadige dea.

Fan in eroatysk wurdboek is it yn alle gefallen noait net kaam. Kut dus. Tiid foar in Frysk eroatysk wurdboek. Hjirûnder it gedicht ‘Lulle’ út Apreos, s. 41-43.

 

 


.
LULLE

Ik neam dy net
…..famke net fan hoas
…..madamke geil fan fisk
…..mokkeltsje fan kom ris leaf

ik neam dy net eadat it preaun is
dyn sop te knorr, ynske rynsk
by ’t sleven fol

my is leaver
it hoal fan liif as it holl’ fan namme of
better: no fuort te hou
– kul om mul –
as daliks foar lul mei klapklap-
klappertoskjend ûnderdoarke dwaan;

ay, flean-op-sa-sa, hjir
gjin retoarikagejens of oare joeker-de-jeuzela,
mar graach
libbene harmoanika –

Witst net hoe lang ik socht om
Candy op ‘en tsjik-en-tsjekst-teken-Frysk,
om kletsende fammekezen
foar ringen yn koperen bolleneuzen,

hoe durk’rige kut
alle temûk efter de hân fertelde tellen
……oer dommenes
bigotsjend it earsgat fan god en kelle bern
……oer húshâldsters
te skamlipwask op Rotterdamske sjipsopflessen
……oer rampetampers
mei famkes fan alve, tsien, acht en jonger

…. .fellaasjo et spiritu sanctum
…. ferkrêfting yn ekselsius deo
ûnder it fine sân fan Sondel
de griene woestinen achter Ferwert
en alle swarte mollebulten boppe Dokkum

de ûnderklasse fan it lichem, altiten ûnder-
fertsjintwurdige, mei lang om let
it ferdomde tekoart dwaan
…..oan balken fearten en spoar
…..ekstatysk yn minetsjen

srv en post hearre tenei mear as kwattel en molke te jaan

lit ús pingpong, triviaal faginaal te potfertar
Pyt wol yn it hok
te toeren mei de kruk,
farrend ûnder de brêgen troch
…………………………………wol no
mei de pypkes fan dyn slipke
as knine-earkes
…..gleon op ‘e kop
…..geil fan slinger
…..hyt yn it gewear
foarby alle dwingers!

pandoer my de boerefluit
lit lypje myn hichteroer
lit pypje dyn skoarstienkoer –

What a fuck,
…..ropt Anna Blom fan ‘e Falom,
………. . kinst wat minder lulle, ja?
……………………. wat minder prate, hee?
………………………………. wat minder sizze, ja?
…………………………………………… al dat neamen, ja?

………………………………………FUCK

………………….SHIT

de lape dyst setst
dy setst mei it setten fan dyn punt,
lul

.

‘Lighten up, Kim Jong-un’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2024

‘Lighten up, Kim Jong-un’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

‘De oertocht’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

23/10/2024

De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “‘Sykje mar út wat’sto ha wolst,’ rôp myn âldere kollega fan ûnderoan de trep. ‘Ik kom der dochs net mear oan ta om al dy bondels te werlêzen.’ Soks set my oan it tinken.”