Dichter fan Fryslân op Dichters in de Prinsentuin 2018

13/07/2018

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga stiet moarn tusken 13:00 en 17:00 oere, tegrearre mei tsientallen oare dichters, op it ‘Theeveld’ fan de Grinzer Prinsentuin tidens de 21e edyzje fan Dichters in de Prinsentuin.

Freed, sneon en snein oerenlang de moaiste gedichten út Fryslân, Nederlân en België. De tagong is fergees. Sjoch op de webside fan Dichters in de Prinsentuin foar it programma en alle dielnimmende dichters.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

03/06/2026

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Utnûging eksposysje Lytse Ivichheid – Einleas No

22/04/2026

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.