De provinsje Fryslân wol in ympuls jaan oan it besef fan dy wearden en ropt de funksje Dichter fan Fryslân yn it libben. Fan de kandidaten wurdt it folgjende frege: ‘De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en soarget op in moderne en útnûgjende wize foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân, binnen en bûten de provinsje. By foarkar ynspirearre troch aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêr in relaasje mei hawwe. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike manier aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzy.’
De provinsje Fryslân slút dêrmei oan by in rike skiednis. Poëzy is it ultime sjenre foar in groep minsken, in stêd of in naasje om him op kultureel mêd te profilearjen. Der bestiet in lange tradysje fan mesenassen of patroanen dy’t keunstners, protezjees neamd, finansjeel stipen, sadat hja har ûnbehindere oan harren skeppend wurk wije koene. De Romein Maecenas, nei wa’t it fenomeen neamd is, wie bygelyks de sponsor fan Vergilius, dy’t op syn beurt de gloarje fan Rome yn moarmer beitele troch yn syn Aeneis in direkte line mei de ferneamde status fan it âlde Troje te lûken. Bliuwe wy tichter by hûs, dan sjogge wy yn de Gouden Iuw dat dichters sa as Joost van den Vondel en Jan Vos mei elkoar strieden om de geunsten fan de Amsterdamske elite, dy’t dan wer ris de iene keas om de pracht fan dy pearel fan de Lege Lannen te ferivigjen, dan wer ris de oar. Dy dichters binne meiferantwurdlik foar de suver mytyske status dy’t Amsterdam noch altyd pretindearret te hawwen as beaken fan frijheid. Yn de ienentweintichste iuw sjogge wy dat sokke ferbiningen tusken patroan en keunstner wer oplibje: Nederlân krige in Dichter des Vaderlands en wat langer wat mear stêden, mar ek regio’s, doarpen en sels it waadeilân Teksel roppe it amt fan in gelegenheidsdichter yn it libben. Fierhinne elkenien kriget ienris of faker yn it libben te meitsjen mei poëzy yn de publike romte, liet de Uterter wittenskipper Kila van der Starre resintlik sjen, en steds-, regio- of doarpsdichters drage dêrta by.
En no kinne wy in provinsjedichter oan it rychje taheakje, in provinsjedichter fan Fryslân. Dichters dy’t gading meitsje woene oan dy funksje waarden konfrontearre mei de betingsten fan de provinsje Fryslân. De sjueryleden moasten mei trije nominaasjes komme. Ut 36 ynstjoeringen moasten trije nominearren keazen wurde, in kwestje fan objektive gegevens en subjektive beoardielingen, mar yn it sjueryoerlis kamen wol deeglik trije kandidaten nei foaren dêr’t alle sjueryleden harren yn fine koene.
De trije nominearren waarden oan ’e hân fan it reglemint troch elk sjuerylid ôfsûnderlik op de ûndersteande seis kritearia beoardiele:
– dichterlike kwaliteit;
– geskiktheid fan de nominearre as represintant fan de poëzy yn Fryslân;
– wize fan oerdracht en bining mei it publyk;
– motivaasje om Dichter fan Fryslân te wurden;
– beskikberens yn de beneamingsperioade;
– ideeën fan de nominearre oer promosjonele aktiviteiten en it oansprekken fan in nij publyk.
De ek al reglemintêre puntetelling fan 1 oant en mei 3 foar elk fan de seis kritearia dy’t elk sjuerylid oan de nominearren takende, levere byelkoar opteld in folchoarder op. Foar de úteinlike beneaming fan de Dichter fan Fryslân is de stim fan it publyk ek meiwoegen. In wike lang mocht it publyk in foarkar útsprekke foar it favorite gedicht. De útslach fan dy stimming telde foar in belangryk part mei yn de beneaming fan de Dichter fan Fryslân: it winnende gedicht krige de helte fan it tal punten dat de sjuery oan de oanbelangjende dichter takend hie.
Wy witte hjir allegearre wa’t de measte punten krigen hat, mar lit ús, om de klimaks oant it lêst te bewarjen, dy namme net earder as oan ’e ein útsprekke en de trije dy’t troch de sjuery nominearre waarden earst earfol taljochtsje.
De earste nominearre: Sigrid Kingma
De sjuery wie optein oer de kwaliteit fan it gedicht fan Sigrid Kingma. De mysterieuze Doede út it gedicht dy’t him oppenearret om oare Doedes op te roppen of wekker te skodzjen, ja út wat? Ut in ûnderdompeling yn it ynternet, in lichte sliep dy’t it echte hanneljen yn de maatskippij ûnderminet? Derfan útgeande dat in oar dy taak wol op him nimme sil?
soe de rop om Doede rikke
boppe fluch ferkear fan kontintkreëarders
tusken minder skrutele reagearders
út de cloud wei troch Miss Google oplêzen
It gedicht sprekt op in raffinearre wize ek ús as lêzers oan, dy’t blykber ek gjin Doedes binne.
Hâldst de siken yn
spatst stikelich op
of wachtest oant in oar dat docht
wa is dy idioat dy’t sa om Doedes ropt?
hy sjocht dy ynkringend oan
mar hy moat him fersinne
dû bist ommers gjin Doede
In konfrontearjend gedicht úteinlik, datst nei lêzing noch lang meidraachst, as meiferantwurdlike foar it fuortsjen fan werklike problemen.
Sigrid Kingma skriuwt yn har motivaasje: ‘Ik brûk de aktualiteit goed, sa as moderne technology dy’t ik sawol as middel as as ûnderwerp brûk.’ Hja is gjin dichter dy’t nostalgysk weromsjocht en treuret om wat der allegearre ferlern gien is. In frisse hjoeddeiske ynstek as tematyk foar de poëzy en ynset fan it dichterskip makke dat wy har in útdaagjende stim fûnen om Dichter fan Fryslân te wurden.
De twadde nominearre: Meindert Talma
Syn gedicht siket de grins op fan de poëzy, omdat it ek as liettekst skreaun is. Sa’t spoken word ticht tsjin foardrachtskeunst en teäter oankrûpt en by rap altyd muzyk heart, sa presintearret Meindert Talma him selsbewust sawol as dichter as as muzikant.
Yn it ynstjoerde gedicht wurde wy werombrocht nei it libben fan akteur Peter Tuinman, dy’t, om fierder te kommen as akteur, syn heil bûten Fryslân sykje moast. Wat er wol:
Mij mjitte mei de bêsten. Op de bek gean. Keihurd bikkelje.
Yn dit gedicht lit de haadpersoan him nettsjinsteande dat sjen as in Fries yn ieren en sinen, mar sûnder opleine nostalgy. De blik jout romte oan in belibjen dat oer de grinzen fan de eigen provinsje hinne giet sûnder de ôfkomst te ferleagenjen.
It is prachtich om te lêzen hoe’t Meindert Talma yn in detail út de karriêre fan Peter Tuinman it Frysk komôf fan de akteur sjen lit en mooglike krityk dêrop superieur neutralisearret:
Ik wist: ik bin Peter Tuinman en ik ha in Frysk aksint.
Sterker noch, doe’t ik as resjersjeur Ruard Talsma
mei die oan Unit 13, in tillevyzjesearje fan de Vara,
sette ik eigenhannich in Frysk flachje op myn bureau.
Wie ik ôf fan alle gepraat oer myn Fries wêzen, ja no?
Wa’t each hat foar sokke details en wa’t sa by de noas wei in sêne ôfslút mei ‘ja no?’, is in echte dichter. Krekt omdat Talma teksten skriuwt dy’t net strikt as poëzy bedoeld binne, mar altyd ek as tekst foar in liet skreaun binne, wol de sjuery der graach de klam op lizze hoe dúdlik ûnpoëtysk oft Talma syn ynstjoerde tekst is. Hast alle lietteksten falle as poëzy troch de koer. Romantyske klisjees of oare iendiminsjonaal beskreaune emoasjes op rym, dy’t it yn ’e muzyk faak sa goed dogge, treffe wy by Talma net oan. Syn teksten litte har goed nochris lêze. Syn toan is unyk nofteren en sljochtwei.
Yn syn motivaasje ûnthjit Meindert Talma ús om alle moannen in gedicht te skriuwen mei in bekende of ûnbekende Fries yn ’e haadrol dy’t wat orizjineels fertelle kin oer syn of har libben yn de provinsje, mar krekt as by Tuinman nei alle gedachten ek situearre is yn in rommere wrâld. De teksten soene as spoken word en as liet alle moannen útfierd wurde yn Ljouwert en Grins. Ek soene fideoklips fan de útfieringen op YouTube of op de site fan de Dichter fan Fryslân pleatst wurde. De sjuery seach dêr al nei út, yn ’e hope dat ek gearwurkingsferbannen mei oare dichters en muzikanten kâns meitsje soene yn syn plannen.
De tredde nominearre
It gedicht dat de tredde nominearre ynstjoerde is neffens de sjuery in foarbyld fan in goed gedicht, it is ryk oan klank, en foarm en ynhâld binne moai yn balâns. It beskriuwt op in ynkringende elegyske toan in eksistinsjeel gemis: de ôfwêzichheid fan in broer en in heit. Dêr wurdt men wol weemoedich fan, mar der is perfoarst gjin sprake fan in nostalgysk weromferlangjen nei in ferline dat der net mear is. Krektoarsom, de ferlitten stêd by nacht dêr’t it gedicht him yn ôfspilet en dêr’t de dichter yn syn weromferlangjen nei famylje him úteinlik op in raffinearre wize mei identifisearret, biedt him úteinlik oars neat as gebouwen sûnder finsters en in hielal sûnder tekens.
Fan alle wei en wegen bin ik
de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en
in gerjochtsgebou, sûnder finsters.
Krekt omdat it gedicht sa ynkringend in gemis beskriuwt en op in emosjonele wize ûnder wurden bringt dat er net fierder kin, mei de sa goed as útsichtleaze slotrigel ‘Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre’, fearre de sjuery ta syn ferrassing op fan de wylde en entûsjaste plannen dy’t er as Dichter fan Fryslân útstelt.
‘Nei bûten ta, alle doarren iepen’ is wat er foar de Fryske literatuer foar eagen hat. Utwikselingen beoarderje en de dialooch oangean mei skriuwers en dichters dy’t ôfkomstich binne út oare kultueren en taalgebieten. En it keppeljen fan poëzy oan oare dissiplines sjocht er ek foar him. Yn heech tempo lit er yn syn begeliedend skriuwen allerhande proefballonnen op om de belangstelling foar de Fryske poëzy oan te poenen.
Fierder pleitet er foar in debat tusken dichters en skriuwers út ferskillende taalmienskippen, it opsetten fan poëzymanifestaasjes, al of net yn gearwurking mei oare festivals en op ûnderskate lokaasjes, it skriuwen fan in essay oer de ûntwikkeling fan de Fryske poëzy yn de lêste tsien jier, it gearstallen fan in meartalige blomlêzing mei Fryske poëzy en it útwreidzjen fan de website ‘Dichter fan Fryslân’.
Al soe mar in part fan de plannen realisearre wurde, dan noch kinne wy in boeiende perioade mei dizze Dichter fan Fryslân temjitte sjen.
Njonken syn rol as oanjager en animator fan de poëzy sjogge wy yn earste ynstânsje fansels mei nijsgjirrigens út nei de op syn minst seis gedichten yn ’t jier dy’t er skriuwe sil nei oanlieding fan opfallende foarfallen yn of foar de provinsje. Hy is him wakker bewust fan syn rol as Dichter fan Fryslân, as er yn syn begeliedend skriuwen witte lit dat de dichter yn dy rol ‘sawol oerwei kin mei it skriuwen fan persoanlik en engazjearre gedichten as mei mear autonoom rjochte poëzij.’ In dichter dy’t beide mooglikheden fan de poëzy mei-inoar yn ferbân bringt, lit de sjuery mei betrouwen útsjen nei de gedichten dy’t er yn syn rol fan earste Dichter fan Fryslân meitsje sil.
Mei it gedicht ‘Under de steden’ is ta earste Dichter fan Fryslân keazen: Eeltsje Hettinga!
Ut namme fan de sjueryleden, Obe Alkema, Peter van Lier en Tamara Schoppert, fan herte lokwinske, Eeltsje, mei dizze beneaming en Fryslân mei syn earste Dichter fan Fryslân!
Dit sjueryrapport is skreaun troch Peter van Lier, Obe Alkema en Tamara Schoppert (novimber 2017) en yn de Gortertsjerke yn Balk op 24 novimber by de beneaming fan Eeltsje Hettinga ta Dichter fan Fryslân troch Sietske Poepjes, deputearre fan kultuer fan de provinsje Fryslân, út namme fan de sjuery troch Tamara Schoppert foarlêzen.