Grut tal oanmeldings foar Dichter fan Fryslân

15/09/2017

Mar leafst 36 dichters hawwe sollisitearre nei de funksje fan Dichter fan Fryslân. Oant en mei 10 septimber koenen kandidaten sollisitearje nei Dichter fan Fryslân troch in Frysk gedicht en in koarte motivaasje yn te stjoeren.

Fan hjoed ôf oan kin ek it publyk syn stim hearre litte. De sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, hat út alle ynstjoerings in foarseleksje makke fan trije kandidaten. Op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl kin elkenien fia in stim op syn of har favoryt gedicht, fan ien fan dy trije kandidaten, in foarkar trochjaan.

Dêrnei bepaalt de sjuery, mei it achtslaan fan de publyksstimmen, wa fan de trije kandidaten foardroegen wurde sil as earste Dichter fan Fryslân. Op freedtemiddei 24 novimber makket deputearre Sietske Poepjes yn de Herman Gortertsjerke yn Balk bekend wa’t de provinsje beneamd hat as earste Dichter fan Fryslân.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.

Opinybydrage Dichter fan Fryslân: Demokrasy ûnder fjoer – Malta opnij op ’e fingers tikke

19/12/2018

Se wiene dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa, Ljouwert-Fryslân en Valletta-Malta. Dochs waard ein novimber yn it ôfslutende programma fan LF2018 mei gjin wurd rept fan de moard op de Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Se bleau net neamd.

Opinybydrage Dichter fan Fryslân LC 23 novimber 2018

23/11/2018

‘It lûd fan it nasjonalisme blaft hjoed-de-dei rûnom oer Europa. Mei it each op de polarisearre ferhaldings is it tiid en gean mei-inoar om ’e tafel.’ Lês de opinybydrage fan Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân. Earder publisearre yn de Ljouwerter Krante fan freed 23 novimber.