Earste oanmeldings foar ‘Dichter fan Fryslân’ binne binnen

28/07/2017

In dikke wike nei de iepening fan de ynskriuwingsperioade, binne de earste sollisitaasjes foar ‘Dichter fan Fryslân’ al binnen. Ek meidwaan? Stjoer dan fia it ynskriuwingsformulier dizze webside in koarte motivaasje en ien nij selsskreaun Frysktalich gedicht.

Op dizze webside fynst ek mear ynformaasje oer de proseduere, wat wy freegje en wat wy biede. De ynskriuwingsperioade rint oant snein 10 septimber. Noch 43 dagen …

Dichter fan Fryslân op it Oranjewoud Festival

28/05/2018

Lân fan taal / De Taalkaravaan presintearje ‘It Font / Het Font’. In multimediaal poëzijprojekt fan skriuwer-dichter en Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp.

Presintaasje poëzijmasine Dichter fan Fryslân

03/02/2018

Op sneon 3 febrewaris fûn yn Tresoar de feestlike start plak fan de fjouwer poëzijmasines fan de dichters Grytsje Schaaf, Sytse Jansma, Elmar Kuiper en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.