Skip fûgel lân

‘Substitute’, The Who

 

Iepensnien lei my it lichem ûnder
de kust syn skomflokjende hoarizon.

In Fundgrube fan rotsoai en ramsj
wie ik. De mage pûle út fan alles

wat ûnfergonklik ivichheid yn hie:
just plastic, sa’t ik fan kop oant sturt

en fan wjok oant wjok al opset wie
eardat ik út eigen fearren opgean koe.

’t Wie ûnder de slach fan de toer dy’t
by Wierum oer de kegen klapte dat

ik út myn dreamen wekker skeat,
kjel by alle flokjende snie, kerls mei

gjin oare siele as dy fan domme oalje.
En dêr’t hagel, driftkjendewei, wyt

it boulân gisele, wist ik: We’re all
born with a plastic spoon in our mouth…