Maitiid

Hoefolle wurden ha we noadich
om ús wrâld te beskriuwen?

Hoefolle wrâld ha we noadich
om ús wurden kleur te jaan?

Hoe effen moat it wurde
foar’t we hearre wat we misse?

Juster rûn ik troch it stille fjild
en begriep
dat it wol tiid wie

om de died
by it wurd te dwaan