Eeltsje Hettinga 28/03/2018

Malta – De opblaasde dei

‘There are crooks everywhere you look now,
the situation is desperate.’ Sjoernaliste
Daphne Caruana Galizia (1964-2017), fermoarde,
net fier fan Valletta, Ljouwert’s tsjustere susterstêd.

 

 

Under in moanne folgroeid en wyt
as in útsinnich wylde jirpel,

sit in man, heal yn it tsjuster,
allinnich, smokend op syn waranda,

de flier besiedde mei reklame,
kranten en folders oer timpels en

stêden en hotels mei fiif stjerren.
Mar faai is it nijs, dat dreaun troch

bline deamasines, it eilân
syn wytkalke grêven bleatlei.

Ien inkelde bom blies in auto
beneistenby de bergen oer, swart-

ferbrând wie de tonge dy’t Malta’s
maffia it fjoer oan ’e skinen lei.

Jirpelpûden klapten as roeken
de heuvels oer, beboud mei bergen

Biltske setters. Do, wês wach, Watse,
yn Europa’s nacht. Yn it dal fan

de dea stuts men it wurd yn brân,
sa’t men oait boeken de flammen yn treau.