Eeltsje Hettinga 02/02/2018

De tocht de taal

‘De OBUS over de stad’
Paul van Ostaijen

 

De stêd betinkt syn wegen,
groetet – Obus, obas, –
betiid moarntiid noch,
syn skimen en passanten.

Ut streken, tekene fan
stof en stjerren, strykt
mei alle sinnen iepen
it ljocht de Foarstreek oer,

sjocht yn de erkers boppe
de apoteek hoe’t in frou
har de rokken skikt,
mei in tillefoan oan it ear

de nachtlampe útknipt
en fertrekt, sa’t tiid
in weireitsjen is yn in taal
dy’t har net sizze lit.

It ljocht, it koekeloert
in tel troch it kattelûkje
yn ’e doar fan in broer en
sjit yn in flits de grêften oer,

dêr’t de skym fan in man,
dy’t inkeld yn syn fersen
wenje kin, boppe in saak
mei stoffen en kleden

in see oan wolkens beëaget,
dy’t him de dreamen sjonge
fan in eilân, fier foarby
de dei syn bedomptens.

De stêd betinkt syn wegen,
kloppet op ’e Kelders
tsjin finsters en lûken, heart
yn it reinen oer By de Put

it lûd fan stjittende treinen,
op wei nei in dûnker
easten, de weifierde
stimmen – hoe’t tirannen

de wurden omklapten ta
leagens yn de oere
fan in waansin, dêr’t
de taal it tinken yn ferlear.

De moarn, in fersopene kat,
brekt iepen by it ljocht,
dat út de termen fan ’e sinne
oer de trije terpen spat,

it ljocht dat – Obus, obas, –
triljende as in famke
yn it stal fan fisk har
it glêzen lyfke driuwe lit

nei in skeaneagjende
fjoertoer, mei stimmen dy’t
flústerje: o, kumara, kumara,
tha maidin, maidin mhaith.

En de stêd sprekt, hâldt
(as in terp de tiid) talen en
tongen yn it ljocht fan
dat wat men is: foarbygonger.

 

 

r. 36/37. ‘Tirannen klapten wurden om ta leagens’ is in rigel út it gedicht ‘Wurden’ fan Tiny Mulder., r. 51 – kumara betsjut goemoarn yn it Sranantongo yn Suriname., r. 52 – Maidin mhaith betsjut goemoarn yn it Iersk Gaelic.