Nyk de Vries is op tongersdei 21 novimber 2019 offisjeel beneamd ta Dichter fan Fryslân foar de kommende twa jier. De beneaming troch deputearre Sietske Poepjes fûn plak yn de Stadskas fan it Explore the North festival yn Ljouwert.
As Dichter fan Fryslân is Nyk de Vries de kommende twa jier poëtysk ambassadeur fan Fryslân. Hy skriuwt yn it jier seis oant tsien gedichten, leafst ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. De Dichter fan Fryslân kriget dêr in fêste fergoeding foar fan € 2.500,- jiers en € 250,- foar elk gedicht.