Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.
Fryslân siket in Dichter fan Fryslân. De dichter wurdt frege om yn dichtfoarm te reagearjen op wat der hjoed-de-dei yn Fryslân en syn bewenners om giet. Wêr wurde wy stil fan?