Dichter fan Fryslân nei Brussel

02/09/2018

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, slút op de twadde Fryslândei yn Brussel it it formele part fan de byienkomst ôf mei in foardracht.

Yn Brussel wurdt tiisdei foar de twadde kear in Fryslândei hâlden. Dat bart yn de foarm fan in konferinsje oer regionale identiteit en meartaligens yn de Solvay-biblioteek, flak achter it Europeesk Parlemint. Op de Fryslândei wurdt tiisdei sprutsen troch ûnder oare kommissaris fan de Kening Arno Brok, troch steatssekretaris Ingbert Liebing fan Sleeswyk-Holstein, de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema en Deputearre Sietske Poepjes.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.