De Dichter fan Fryslân iepenet OBE

02/02/2018

Op freed 2 febrewaris fersoarge de Dichter fan Fryslân de poëtyske iepening fan it Lân fan Taal-gebou OBE op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

It iepeningsgedicht ‘De Tocht de Taal’ is yn it Frysk, Nederlânsk en yn it Ingelsk ek werom te lêzen op dizze webside. De Nederlânske oersetting is fan Elske Schotanus, de Ingelske oersetting is fan David Colmer.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.