Freed 22 maaie om 15.00 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, de troch him gearstalde eksposysje Lytse Ivichheid – Eindeloos Nu, wêryn’t Fryske dichtbondels en harren omslachûntwerpen út de ôfrûne hûndert jier sintraal stean.
Arjan Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne iuw ferskynden, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. Yn gearwurking mei Tresoar binne alle omslaggen de kommende moannen te sjen yn de eksposysjeromte fan Tresoar.
De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.
- Freed 22 maaie, 15.00 oere (ynrin 14.30 oere)
- Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
- Tagong: fergees
By de iepening sil skriuwer en sjoernalist Kirsten van Santen de Dichter fan Fryslân koart yntrodusearje en folget, tegearre mei foarmjouwer Monique Vogelsang, in koart fraachpetear oer de eksposysje.
In seleksje fan de 49 dichtbondelcovers wie earder te sjen op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach. Dêr naam de Dichter fan Fryslân besikers mei op in literêre kuier lâns ferskate omslachûntwerpen.
Oanmelde
Graach hearre wy fan jo oft jo by dizze feestlike iepening oanwêzich wêze wolle. Opjefte graach foar tiisdei 19 maaie fia: info@dichterfanfryslan.nl. It tal plakken is beheind. De eksposysje is te sjen oantemei ein novimber 2026.