‘De Hounspolder’, in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

04/12/2025

‘De Hounspolder’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “De minske makke fan de see in polder. Wat sil der no fan de polder wurde? Wat ha de ‘net-minsken’ dy’t yn de polder libje yn te bringen? By dit gedicht ha ik my ynspirearje litten troch it wurk fan skriuwer-filosoof Eva Meijer.”

De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op dizze webside.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

13/11/2025

‘Op Skiermûntseach’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

23/10/2025

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.