Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!

25/05/2023

Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.

Foar Syds Wiersma wie it de earste kear dat er meidie oan in poêzij slamwedstriid: ‘It wie moai om yn de finale te stean en mei Jens te slammen. Wy reagearren goed op inoar. It wie hast magysk.’

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, organisearre tegearre mei Gabrielle Terpstra fan Pauperpoëzie in saneamde Fryske SLAM! In poêzij foardrachtswedstriid mei Hindirk Hannema, Arjan Hut, Joël Huitema, Martsje de Jong, Elmar Kuiper, Marije de Lange, Ilse Vos, Jens de Vries, Syds Wiersma, Carla van der Zwaag. Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân 2019-2021, fersoarge in optreden yn it skoft.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.