Literêr Sirkwy mei de Dichter fan Fryslân en Dichterskollektyf RIXT

07/12/2022

Op freed 16 desimber organisearret Dichterskollektyf RIXT in Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.

Neist de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, stean ek Hindrik Hannema, Marije de Lange, Gerrit de Vries, Simon Oosting en Edwin de Groot op it poadium. Dichter Syds Wiersma ferbyldet mei de poëzijband DOT WIER’UM it libben en it fiskerslatyn fan de âldtste garnalefisker fan it Waad.

De jûn begjint om 20:00 oere, der is in iepen poadium en de tagong is fergees.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

04/04/2024

‘Minder wifi, mear poëzy!’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Film The waste land mei ynlieding troch Arjan Hut

02/04/2024

It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.